Stichting Leergeld krijt noch hieltyd soad oanfragen binnen
De Stichting Leergeld hat ek it ôfrûne wykein in soad oanfragen krigen foar finansjele help foar aktiviteiten fan bern. De stichting soarget der foar dat bern út earme(re) húshâldingen ek meidwaan kinne oan sport, meikinne op skoalreis of oan oare aktiviteiten meidwaan kinne ek al is dêr gjin jild foar thús.
Ferline wike hie Omrop Fryslân in aksje foar de stichting mei ferhalen fan minsken dy't de stipe fan de stichting brûke. Doe kamen al hûnderten ekstra oanfragen binnen. Yn it wykein kamen der nochris 259 oanfragen by foar 185 bern. Yn in wike tiid hat Leergeld no 820 oanfragen binnen krigen. Dat is folle heger as oars.