Wurkstraf foar oplichtsjen by útlitten fan de hûn

© ANP
De rjochter hat in âld-ynwenner fan Easterwâlde feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren, omdat er in âlde frou oplichte hat. De frou hie in oprop pleatst omdat se ien socht om har hûn út te litten. De man kaam der op ôf. Hy liet de hûn wol út, mar brûkte de telefoan fan de frou ek, om syn tegoed by in ynternetspul op te wurdearjen. Hy hat op dy wize hûnderten euro's fan de frou achteroerdrukt.
Njonken de taakstraf komt de man ûnder tafersjoch fan de reklassearring. Boppedat moat er him behannelje litte foar syn gameferslaving.