Museumdoarp Aldfaers Erf fiert 40-jierrich jubileum

Aldfaers Erf yn Allingawier bestiet moandei 40 jier. Op dizze dei yn 1977 sette Yde Schakel der offisjeel mei útein, al wie hy der al folle langer mei dwaande. De oanlieding mei dan wol grut wêze, it feest mei frijwilligers yn it Allingawierster museumdoarpke wie moandei lyts. It Aldfaers Erf moat him wer opnij útfine om der wer 40 jier achter oan plakke te kinnen. In nije lieding mei Hilda van der Meulen as interim-direkteur is dêr al drok mei dwaande.
Offisjeel museum
Doel is om in offisjeel registrearre museum te wurden dat it ferhaal fan de Fryske feehâlderij tusken 1850 en 1950 fertelt. Ek it ferhaal fan de lytse doarpen, dy't foar in grut part selsfoarsjennend troch de tiid kamen, is wichtich. In grutter feest stiet yn de aginda foar de iepening fan in nij restaurant dêr't de ferbouwing no fan ûnderweis is.
Yn 2018 moat it nije konsept fan it Aldfaers Erf al goed sichtber wurde, dat benammen rjochte is op famyljes mei ekstra omtinken foar bern.