App moat busrit Noardeast Fryslân leuker meitsje

© Omrop Fryslân, Joline Dalstra
Buspassazjiers dy't tusken Ljouwert en Holwert reizgje mei busline 66 kinne fan woansdei ôf ynformaasje krije oer de rûte dy't de bus nimt. De ynformaasje stiet yn in spesjale app. Reizgers kinne bygelyks ynformaasje krije oer de skiednis, gebouwen en persoanen yn Noardeast Fryslân. As de app in sukses is wurdt de ynhâld útwreide. De app is in ferfolch op de boekebussen dy't yn 2015 troch de provinsje rieden. It projekt is in gearwurking tusken Omrop Fryslân, Tresoar, Arriva en de provinsje Fryslân.