FIDEO: Grutte kliber dûnsmiggen by Starum

15 maaie 2017 - 12:30

Albert Salverda út Starum wist net wat er sneintejûn seach: grutte kloften dûnsjende swarte miggen yn de loft. "Dizze seemiggen ha we wol faker, mar dit jier is it wol hiel ekstreem. De hiele stêd siet ûnder de miggen." De grutte oantallen miggen smite in bysûnder gesicht op. De miggen fleane oars net inkeld by Starum, mar se binne by de hiele Iselmarkust te finen.

Paringsdans

"Het is een paringsdans" leit Peter Koomen út, hy is konservator by Natuurmuseum Fryslân yn Ljouwert. "De mannetjes dansen hoog in de lucht om indruk te maken op de vrouwtjes. Dat doen ze bij voorkeur boven iets hoogs, een zeedijk of jachthaven. In het voorjaar, bij mooi weer, komen de larven uit die in het water hebben gelegen en verpoppen ze zich tot muggen." It giet om in koarte eksploazje, want de miggen libje net lang. Nei it pearjen lizze se aaien en geane se alwer dea. Se soargje amper foar oerlêst.

Aaiwyt

"Deze muggen steken niet, want ze hebben geen bloed nodig, je kunt ze zelfs eten. In Afrika worden de dansmuggen gevangen om er balletjes van te maken, het is eitwitrijk voedsel." Sa'n gerdyn fan dûnsmiggen kin wol út hûnderttûzenen of miljoenen bisten bestean, mar de aaikes kinne ek gewoan yn de reintonne achter hûs sitte.

Trefwurden: 
miggen Starum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)