Histoaryske bewennersynformaasje oer Dokkum komt online

15 maaie 2017 - 12:00

Minsken yn Dokkum kinne meikoarten fia ynternet besjen wa't yn de 18de en 19de iuw yn har hûs wenne hat. In hiel soad histoaryske gegevens oer de ynwenners fan Dokkum komme freed offisjeel beskikber. Dat wie wol te finen yn it argyf, mar no kinne Dokkumers thús op de kompjûter of tablet sjen fan wa't it hûs earder wie, wat dy persoan die en hoe ryk of earm oft dy wie.

It is foar it earst yn Nederlân dat sa'n rykdom oan histoaryske bewennersynformaasje sa yn kaart brocht wurdt. It giet om in grut projekt, HisGIS, fan de Fryske Akademy. Dokkum is de earste stêd dêr't dit mei dien wurdt, de kommende jierren folgje mear.

It HisGIS Dokkum is in gearwurking tusken de Fryske Akademy en it Streekarchief Noordoost-Fryslân. It projekt Dokkum makket diel út fan it projekt 'Friesland 1750-1900: personen en percelen', ûnderdiel fan it digitalisearringsprojekt RedBot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)