Stekpartij wie tusken heit en soan

15 maaie 2017 - 11:20

It slachtoffer fan de stekpartij sneintejûn yn in hûs oan de Vermeerstrjitte op It Hearrenfean is de 32-jierrige soan fan de 60-jierrige fertochte. De soan, dy't ek op It Hearrenfean wennet, waard yn it hûs fan syn heit meardere kearen stutsen. Hy naaide út en waard in pear strjitten fierderop fûn troch de plysje. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht en nei behanneling meinaam nei it plysjeburo om heard te wurden. De heit is yn syn hûs oanhâlden. Neffens de  plysje is der noch neat te sizzen oer de oanlieding fan de stekpartij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)