FIDEO: Skûtsje Stêd Dockum is in ècht Dokkumer skûtsje

In moaie opstekker foar it bestjoer fan it skûtsje Stêd Dockum. Undersyk fan stifting "Foar de Neiteam" hat dúdlik makke dat it skûtsje dat se kocht hawwe wol deeglik boud is yn Dokkum. Jierrenlang waard tocht dat it yn Frjentsjer boud wie.
It is de bedoeling om mei it skûtsje mei te dwaan yn de IFKS. No't dúdlik is dat it in 'echt' Dokkumer Skûtsje is hopet it bestjoer dat de silerij ek yn Dokkum mear begjint te libjen.