SC Hearrenfean ferliest ek de lêste kompetysjewedstriid

SC Hearrenfean hat snein de lêste kompetysjewedstriid thús tsjin NEC mei 2-0 ferlern. Dêrmei is it seizoen yn mineur einige. SC Hearrenfean is úteinlik 9e wurden en hat him dêrmei pleatst foar de play-offs om in plakje yn it Europeesk fuotbal. Kommende woansdei is dêrfan de earste wedstriid, se moatte dan thús tsjin FC Utrecht, de wedstriid begjint om 18.30 oere.
De Friezen kamen der de hiele wedstriid wer net oan te pas. Yn de 24e minút foel de iepeningstreffer fan NEC troch in goal fan Groeneveld. Dat wie ek de rêststân.
Yn de twadde helte besocht Hearrenfean wol oan te fallen, mar it levere gjin doelpunten op. Ek it ynbringen fan Veerman brocht dêr gjin feroariing yn. In healoere foar tiid sette Awoniyi de einstân fan 2-0 op it skoareboerd. It publyk traktearre de thúsploech op in fluitkonsert nei de safolste teloarstellende wedstriid.