"Ungelikense kânsen foar bern yn ûnderwiis oanpakke"

De kânsûngelikens yn it ûnderwiis moat rap oanpakt wurde. Dat sei direkteur Hans Wildeboer fan skoallemienskip Comenius yn Ljouwert snein yn it radioprogramma Buro de Vries. Neffens Wildeboer ûntstiet der hieltyd mear twadieling yn it ûnderwiis. Bern fan 'rikere' âlden krije alle kânsen om bylessen en oare begelieding te krijen op skoalle. Kommersjele buro's foar bygelyks húswurkbegelieding komme as poddestuollen út de grûn. Bern yn gesinnen dy't dat jild net hawwe komme sa op achterstân.
Amerikaanske tastannen
Neffens Wildeboer moat de oerheid folle strikter wurde en moat it ûnderwiisfjild it sels ek oppakke. Der moat folle mear ûnderwiis op maat jûn wurde neffens him. Troch mear te sjen nei wat nedich is op skoalle. We sitte op in glydzjende skaal, seit hy, en as it sa trochgiet komme we yn Amerikaanske tastannen.
Politike aginda
De ynspeksje fan it ûnderwiis is al langer dwaande mei it op de aginda setten fan dizze problematyk. Wildeboer is dêr bliid mei en hopet dat de ûngelikens yn it ûnderwiis heech op de politike aginda komt.
It radioprogramma Buro de Vries wurdt sneintejûn tusken 21.00 en 23.00 oere herhelle by Omrop Fryslân.