Maklike winst foar LDODK

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan LDODK hiene it sneon net al te dreech tsjin nûmer lêst Oranje Wyt út Dordrecht. De kuorballers fan Terwispel en De Gordyk wiene fierste sterk en wûnen mei 30-17.
Troch de winst bliuwt LDODK twadde yn de stân en dat betsjut dat de kâns op de krúsfinales grut is. LDODK spilet noch tsjin de nûmer trije DOS '46 (út) en thús tsjin koprinner Blau Wyt Amsterdam.