Winsum fiert bloeiende wurkgelegenheid mei iepen dei

Winsum hat sneon iepen dei. Goed fyftich bedriuwen en ferieningen hawwe de doarren iepen foar publyk. Winsum hat de heechste wurkgelegenheid fan de gemeente Littenseradiel. It ôfrune jier binne der sels fyftjin nije bedriuwen bykaam.
"It is in befêstiging dat grutte ûndernimmers net perfoarst yn het Westen sitte wolle, mar ek graach yn in beskeiden doarp as Winsum", seit Ulbe Bakker fan Wolkom yn Winsum. Tiid foar in iepen dei, sa fine de bedriuwseigeners: "Winsum moat wer op de kaart komme." De lêste kear dat der in iepen bedriuwedei wie yn Winsum is alve jier lyn.