Drachtster Boys feroardiele ta beslissingswedstriid

© Omrop Fryslân, Roelof de Vries
De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe har noch net pleatst foar de kampioenswedstriid fan de earedifyzje. Se ferlearen freed de twadde wedstriid fan de play-offs tsjin KTP Nieuw Roden mei 4-0.
De earste wedstriid wûnen se noch mei 3-1. It giet om trije wedstriden, it team dat twa wedstriden wit te winnen, giet nei de finale.
Yn de earste helte gie it lykop, mar waard der net skoard. Ek yn de twadde helte bleau it noch lang 0-0, mar neidat Grytsje van de Berg de iepeningstreffer skoarde, drukte Nieuw Roden troch en waard it yn de slotfaze úteinlik 4-0. Nije wike freed wurdt de beslissingswedstriid spile.