"Jan Willem Tuininga moat Ljouwerter FNP-list lûke"

It gemeentehûs fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Jan-Willem Tuininga fan Stiens is de kandidaat-listlûker fan de FNP-fraksje yn de nije gemeente Ljouwert. Tuininga is no FNP-riedslid yn Ljouwerteradiel. De definitive kandidatelist wurdt op de algemiene ledegearkomste op 31 maaie fêststeld.
Op 22 novimber binne der weryndielingsferkiezings yn de gemeenten Ljouwert, Ljouwerteradiel en Littenseradiel-Noard en wurdt de gemeenteried fan de nije gemeente Ljouwert keazen.