Nije GPS jout op de sintimeter oan wêr't in aai leit

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten hat in nij GPS-systeem ûntwikkelje litten dêr't greidefûgels better mei beskerme wurde kinne. Al in oantal jierren wurket it bûn mei in app dêr't neisoargers yn registrearje wêr't se in nêst fûn hawwe. Boeren moatte dan om dy nêsten hinne meane.
It nije GPS-systeem jout hiel presys oan wêr't in nêst leit. De boer op de trekker sjocht dat op in skerm en krijt in warskôging. En de earm fan de trekker giet omheech. Sa kin de boer gewoan trochride sûnder dat it nêst yn gefaar komt.
GPS-systemen foar de trekker binne der al jierren. Se wurde net in soad brûkt omdat se net presys genoch binne. De âlde systemen jouwe yn in striel fan 15 meter oan wêr't in nêst is. It nije systeem docht dat yn in striel fan 2 sintimeter.