Thialf op jacht nei nij keurmerk

IIsstadion Thialf is op jacht nei in nij keurmerk. De Feanster iistimpel hat by de ynternasjonale reedrydorganisaasje, de ISU, him kandidaat steld as "ISU Centre of Excellence" (CoE). In keurmerk dat de ISU jaan wol oan sa'n fjouwer iisstadions yn de wrâld. In CoE bringt neffens de ISU reedriders, coaches, officials en eksperts út ferskate lannen by elkoar, sadat der optimaal profitearre wurde kin fan topfasiliteiten. Ek soe it posityf útwurkje kinne by it takennen fan EK's, WK's en wrâldbekerwedstriden.
Thialf rint mei de ynskriuwing wat foar de muzyk út, want de ISU hat de ynskriuwingsproseduere noch net iepene. Thialf-direkteur Marc Winters hopet yn de simmer útslútsel te krijen fan de ISU.