Oanlis Reidmarrûte wurdt mei in healjier útsteld

De oanlis fan de Reidmarrûte, in elektryske farrûte fan Boalsert oer de Blauhúster Puollen nei Aldegea, wurdt mei in healjier útsteld. Yn stee fan dizze maitiid, wurdt no ein dit jier begûn. Der leit in haadwetterlieding fan Vitens ûnder de feart troch. Dy moat earst omlein wurde foardat der begûn wurde kin mei de wurksumheden. Foar it oanlizzen fan de rûte moatte dammen fuorthelle wurde en brêgen ferhege wurde. Op in tal plakken moatte de fearten mear breedte en djipte krije.
De fraksje fan GemeenteBelangen Totaallokaal yn de gemeente Súdwest-Fryslân freget him ôf hoe't it kin dat de gemeente no ynienen konfrontearre wurdt mei de haadlieding. Neffens de partij hie de gemeente dit witte moatten. De partij wol ek witte wa't der opdraait foar de ekstra kosten foar it omlizzen fan de transportlieding. De fraksje tinkt dat de farrûte der no noch letter komt, net earder as yn 2019.
Lange winsk
De oanlis fan de rûte is in winsk dy't al hiel lang libbet yn ûnder oare de doarpen Blauhús, Greonterp en Wolsum. Der is jierren oan wurke. In kanokommisje hat der foar yn it spier west.