Fuotbalklup Aldebiltsyl ferlottet hûs by jubileum

De fuotbalklup fan Aldebiltsyl hie tongersdeitejûn genôch reden foar in feestje: V.V. Ouwe Syl bestiet nammentlik fyftich jier. By de iepening fan it jubileumfeest ûntbleate de feriening in bysûnder inisjatyf. Der wurdt in lotterij organisearre, wêrmei't de dielnimmers in hûs yn it doarp winne kinne. ''Wy hoopje dat de lotten yn no-time útferkocht binne'', fertelt bestjoerslid Taeke Zijlstra fan de klup.
Bydrage oan leefberens
Foar 98 euro kinne ynteressearden in lot keapje en stride om it hûs oan De Kolk yn Aldebiltsyl. Zijlstra: ''It slút prima oan by it stribjen fan ús klup om in bydrage te leverjen oan de leefberens yn it doarp. Wy binne tige benijd nei de reaksjes!''
De lotterij rint oant en mei de ein fan dit jier. Op 11 novimber sil it winnende lot lutsen wurde.