Twa oplossings betocht foar mûneproblemen

Mûne by Dronryp © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Der wurde de kommende tiid twa oplossings útwurke foar de problemen mei 47 mûnen yn Nederlân, sân dêrfan steane yn Fryslân. De mûnen waarden heal april stilset om't der gefaar is dat de wjukken loslitte. De twa oplossings dy't útwurke wurde, binne it meitsjen fan de besteande wjukken, óf it ferfangen der fan. It Ministearje fan Kultuer hat bekend makke mei in finansjele regeling te kommen, dêr't eigeners fan de mûnen in berop op dwaan kinne. Dy eigeners wurdt oanred om har mûnen ek de kommende tiid noch net draaie te litten.
It giet yn Fryslân om mûne De Olifant yn Burdaard, Windlust yn Boerum, De Puollen yn Dronryp, De Rietvink yn Nijetrine, De Steenhuistermole yn Stiens, de Beabuorter Mole yn Tsjerkwert en de Wijnzermole yn Wyns.