Unoersichtlik krúspunt yn Drachten wurdt oanpakt

Krúspunt fan de Kaden, de Dwersfeart en de Raai yn Drachten
It liket derop dat it ûnoersichtlike krúspunt yn Drachten, tusken de Kaden, de Dwersfeart en de Raai, dochs in rotonde wurde kin. Dat kostet goed in heal miljoen euro. Earder tocht de gemeente dat dat te djoer wie, mar mei provisjale subsydzje soe it al kinne moatte.
Undernimmers, omwenners en oare belanghawwenden ha it leafst dat it krúspunt in rotonde wurdt, al tinkt de gemeente noch wol nei oer oare opsjes om it krúspunt feiliger te meitsjen.
Oft it no in rotonde wurdt of net, it krúspunt wurdt hoe dan ek oanpakt. De gemeente wol dat sa gau as mooglik dwaan. Undernimmers oan de Kaden wolle wol berikber bliuwe.