Ljouwerteradiel wol skoalle en opfang yn gemeentehûs Stiens
De gemeente Ljouwerteradiel ûndersiket oft der in Integraal Kind Centrum yn it gemeentehûs yn Stiens fêstige wurde kin. De basisskoalle en de berne-opfang komme dan byelkoar ûnder ien dak. It gemeentehûs komt fan 1 jannewaris takom jier ôf leech te stean. Dan fusearret Ljouwerteradiel mei de gemeente Ljouwert en is it gemeentehûs yn Stiens net mear nedich. Ljouwerteradiel ûndersiket wat de nije bestimming wurde kin.
Ek yn Drylts wurdt socht nei in nije bestimming foar it gemeentehûs. Dêr soe wenromte kombinearre wurde kinnen mei soarch. Dat stelt Stedsbelang Drylts nei ûndersyk.