Folle riedseal It Hearrenfean by kursus Polityk Aktyf

In folle riedseal woansdeitejûn op It Hearrenfean. Net mei riedsleden, mar mei minsken mei politike ambysjes. Woansdei wie op It Hearrenfean diel ien fan de kursus Polityk Aktyf. In inisjatyf fan de gemeenten De Fryske Marren, Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf. Want dêr kinne se wol wat farsk bloed brûke yn de polityk.
De kursus is bedoeld om minsken mear by de polityk te belûken en ek om se sjen te litten hoe't je ynfloed útoefenje kinne.