Plannen foar wenromte en soarch yn âlde gemeentehûs Drylts

It gemeentehûs fan Drylts © Omrop Fryslân
Yn it âlde gemeentehûs fan Drylts moat wenromte komme, yn kombinaasje mei soarch. Dat is de útkomst fan in ûndersyk fan Stedsbelang Drylts oer de herbestimming fan it gemeentehûs. Neffens Stedsbelang jouwe Dryltsers de foarkar oan it plan fan projektûntwikkeler Swettebeheer. Dit fanwege de fyzje op mienskiplike romte, fleksibiliteit en de mooglikheid om mei soarchoanbieders te wurkjen.
Stedsbelang advisearret de gemeente Súdwest-Fryslân om by de herbestimming fan it gemeentehûs rekken te hâlden mei de winsk fan de Dryltsers.