Skipfeartferkear kin wer feilich troch brêge Aldskou

De brêge by Aldskou © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De brêge Aldskou kin wer betsjinne wurde. De brêge oer it Prinses Margrietkanaal tusken Jirnsum en Akkrum koe woansdei fanwegen needreparaasjes net betsjinne wurde. Der waarden tiisdei losse stikken beton fûn ûnder de brêge. Dizze binne ferwidere, wêrtroch't skipfeartferkear wer feilich ûnder de brêge troch kin.
Ut in ûndersyk fan Rykswettersteat docht bliken dat in betonreparaasje needsaaklik is. Der wurdt mei in oannimmer oerlein hoe't dit barre sil. Om fierdere skea oan it beton foar te kommen, bliuwt foar ferkear op de dyk de ferkearsbeperking fan krêft. It ferkear kin om en om oer de brêge ride. Der binne ferkearsregelers oanwêzich.