Provinsje wol mear jild foar ûndersyk histoaryske wrakken

Der moat folle mear jild komme foar ûndersyk nei histoaryske skipswrakken yn de Noardsee en de Waadsee. Dat freegje de provinsjes Fryslân, Grinslân, Seelân en Noard- en Súd-Hollân neffens it NRC yn in brief oan minister Bussemaker fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip. Der wurdt gjin bedrach neamd, mar it soe gean om trije miljoen euro. Bussemaker hat koartlyn twa miljoen euro útlutsen foar it opgraven fan it VOC-skip De Rooswijk, foar de Ingelske kust. De provinsjes wize der op dat der tichter by hûs wrakken lizze dy't op syn minst sa nijsgjirrich binne.
Beskerming en ûndersyk
De provinsjes fine dat Nederlân de plicht hat om âlde skippen te beskermjen en te ûndersykjen. Troch streamingen komme hieltyd wer nije skipswrakken bleat te lizzen en wurde se oantaaste troch bygelyks pealwjirms. Sa binne al wrakken ferdwûn, sûnder dat se goed ûndersocht binne. De provinsjes fine it ferûntrêstend dat net dúdlik is hoefolle wrakken der krekt foar de Nederlânske kust lizze.
Telling
Der soe in telling komme moatte en per gefal soe bepaald wurde moatte wat de histoaryske wearde fan it wrak is. Fierder soene al bekende fynplakken yn de gaten hâlden wurde moatte.