Coop yn Winsum wol útwreidzje

Yn filiaal fan coop © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Supermerk Coop yn Winsum hat útwreidingsplannen. Neffens de eigener is útwreiding nedich om foldwaan te kinnen oan de winsken fan de klanten. De útwreiding fan de winkel kin dien wurde op eigen terrein. Foar in útwreiding fan de parkearromte wurdt in stikje gemeentegrûn kocht. Neffens de gemeente is de winkel fan grut belang foar de leefberheid yn Winsum en omkriten.