Toiletgebou opjûn foar 'moaiste plakje fan Fryslân'

09 maaie 2017 - 20:37

De wedstriid foar it moaiste plak fan Fryslân hat oant no ta 210 ynstjoerings opsmiten. Foarbylden dêrfan binne it toiletgebou yn de Prinsetún yn Ljouwert, it sûkeladefabryk yn Achlum, de greiden by Boalsert. Noch in wike kinne minsken harren moaiste plak trochjaan op itmoaisteplakje.frl. Dan sil in sjuery foar ferskate kategoryen in top 10 opstelle dêr it publyk op stimme kin.

It idee fan de ferkiezing komt ûnder oaren fan arsjitekt Bauke Tuinstra. Hy fynt it belangryk dat Friezen harren bewust binne fan it moaie dat de provinsje te bieden hat. En dat se witte wat se takom jier mei Kulturele Haadstêd oan de gasten sjen litte moatte. 

Trefwurden: 
moaisteplakje.frl
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)