Reserves Cambuur winne oefenwedstriid tsjin Jong Hearrenfean

Fuotbal © Omrop Fryslân
In opstekker foar Sportklup Cambuur yn de oanrin nei de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. De Ljouwerters wûnen tiisdei de besletten oefenwedstriid tsjin Jong SC Hearrenfean mei 1-0. It iennige doelpunt fan de wedstriid kaam op namme fan Ricardo Kip.
Cambuur spile foaral mei reservespilers, wylst Hearrenfean mei spilers út it belofte-alvetal en de A- en B-junioaren op it fjild stie.