Fiif moanne sel easke fanwege wytwaskpraktiken Twizeler

© Omrop Fryslân
Tsjin in man út Twizel is fiif moanne sel easke fanwegen wytwaskjen. De man soe sân jier lyn in bedrach fan in ton oannommen hawwe fan in man út Ten Boer. It jild waard brûkt om te besykjen it hotel fan de Twizeler yn Winschoten fan de ûndergong te rêden. As tsjinprestaasje soe er in hûs foar de man út Ten Boer bouwe.
De fertochte seit dat er net wist dat it jild ôfkomstich wie fan belestingfraude. It Iepenbier Ministearje leaut dat net en seit dat de man út Twizel dat better útsykje moatten hie. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.