Foarearst gjin nachtlike waadrintocht

Waadrinners by It Amelân © Waadferiening, Renate de Backere
De nachtlike waadrintocht dy't de Waadferiening dizze wike hâlde soe tusken Holwert en It Amelân giet net troch. It is te kâld. Nachts leit de gefoelstemperatuer om it friespunt hinne, en dan is it net ferantwurde om mei gasten sa'n ein oer it waad te rinnen, seit Renate de Backere fan de Waadferiening. De kommende tiid steane der gjin oare nachtlike waadrintochten yn de planning. De Backere hopet dat se yn septimber opnij besykje kinne om nachts nei It Amelân te kuierjen.