Gytsjerk wol bushalte yn it nije sintrum hâlde
It nije sintrum fan Gytsjerk is yn ûntwikkeling, in moaie opstekker foar it doarp fansels, mar der is noed oer de takomst fan de bushalte. Dy stiet no noch yn datselde sintrum, mar der binne plannen om de bushalte te ferpleatsen nei de râne fan it doarp. De ynwenners fan Gytsjerk binne it hjirre perfoarst net mei iens en besykje mei in petysje Arriva en de provinsje op oare gedachten te bringen.