Noardlike Rekkenkeamer: Iepenbier ferfier is better wurden

08 maaie 2017 - 20:00

It iepenbier ferfier yn de gebieten yn Fryslân dêr't net in soad minsken wenje, is tusken 2010 en 2015 better wurden. Dat is ien fan de konklúzjes fan it rapport 'Met de Bus naar de stad' fan de Noardlike Rekkenkeamer. It rapport is makke yn opdracht fan de trije noardlike provinsjebestjoeren. It rapport waard moandeitejûn presintearre oan de parse en bestjoerders út de trije noardlike provinsjes.

De berikberens yn Fryslân is better wurden, nettsjinsteande de besunigings op streekferfier en belbussen. Dat komt neffens de rekkenkeamer benammen troch de Opstapper, dy't as fangnet ûnmisber is foar it plattelân. Dochs wurdt de Opstapper net in protte brûkt. De rekkenkeamer sjocht dat der drompels binne foar it gebrûk: reizgers moatte yn it foar belje om in rit te regeljen, en de Opstapper rydt allinnich mar fan halte nei halte neffens in tsjinstregeling. Dêrtroch is dy busfoarm minder fleksibel as bygelyks in regiotaksy. 

Neffens de Noardlike Rekkenkeamer hat de provinsje in tsjinstridige hâlding tsjinoer de Opstapper. Oan de iene kant moat de belbus in fangnet foar alle gebieten yn Fryslân wêze. Oan de oare kant wurdt de belbus finansjeel risikofol as tefolle minsken dêr gebrûk fan meitsje. It doel, de Opstapper te yntegrearjen yn it gemeentlik doelgroepferfier, is oant no ta noch net berikt. De provinsje wol dat úteinlik berikke mei in mobiliteitssintrale. 

De Noardlike Rekkenkeamer advisearret om in dúdlike kar te meitsjen oer de Opstapper. Deputearre Steaten hawwe dêrop oanjûn de situaasje earst sa te litten. Wol sil der ûndersyk dien wurde nei it ferlet fan ferfier yn gebieten dêr't net folle minsken wenje. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)