Fryske Jesper Zwart giet troch yn Georgyske dûnsshow

It bizarre en hast net te leauwen ferhaal fan Jesper Zwart fan Hurdegaryp giet noch altyd troch. Zwart is yntusken ferneamd yn Georgië, dêr't er yn april in besite oan brocht. Oankaam op it fleanfjild waard hy der útpikt as de seismiljoenste toerist fan it lân en dêr ha se yn Georgië in gigantysk feest fan makke. Zwart docht no ûnder oare mei oan de Georgyske Dancing With the Stars. Ta syn eigen fernuvering is er yntusken troch nei de fjirde show.
Publyksfavoryt
"Ik kan helemaal niet dansen, dat is de grap. Ik stond laatste bij de jury, maar er hebben kennelijk heel veel Geörgiers ge-sms't, want ik ging ruimschoots door naar de volgende ronde", fertelt Zwart. Hy wurdt wol wat holpen troch de goreografen fan de show. "Zij weten dat ik niet zoveel kan en proberen dat te verbergen."
Kilo's kwyt
De 30-jierrige Hurdegariper hat it tige drok mei de grutste show fan it lân. Hy traint seis oant sân oeren deis en is dêrtroch yn ien moanne sa'n tsien kilo kwytrekke. "Het is echt keihard werken, het is echt topsport. Ik doe zo hard mogelijk mijn best en dat is het enige dat ik kan doen. Als dat niet genoeg is op een gegeven moment, dan begrijp ik dat ook heel goed."
Taalbarriêre
Dat er net goed kommunisearje kin mei syn dûnspartner, makket de situaasje der net makliker op. "Zij spreekt geen Engels en ik geen Georgisch of Russisch, dus de taalbarrière is enorm groot. Maar ze is een fantastische danser en performer en we willen dit beiden tot een goed einde brengen."
Fantastysk avontuer
Ek al begrypt Zwart eins neat fan de taal en moat er yntinsyf traine, spyt hat er net fan syn dielname oan it programma. "Het is een fantastisch avontuur. Wie doet dit nou, wie overkomt dit nou? Heel maf, heel leuk, maar ook wat zwaar."