Alde Feanen krijt pûde mei jild fan de Rabobank

De Alde Feanen © Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Nasjonaal Park De Alde Feanen krijt in flink jildbedrach fan de Rabobank. Dat is unyk, seit in wurdfierder fan it park, yn hiel Nederlân binne fierder gjin nasjonale parken dy't fan grutte private bedriuwen sokke bedragen krije. Hoe grut it bedrach is, is net dúdlik.
Sûnt 2013 betellet it Ryk net mear foar de nasjonale parken. De provinsjes binne dêr no ferantwurdlik foar. Dy ha minder jild ter beskikking.
"We hebben een groslijst aan wensen, maar kunnen niet alles uitvoeren," seit Sipke Swierstra, Hy is de foarsitter fan Nasjonaal Park De Alde Feanen.
"We moeten fondsen en sponsoren aan De Alde Feanen binden. We zijn daarom enorm verheugd dat we met Rabobank Drachten Friesland Oost een samenwerking aangaan.’’
Tongersdeitemiddei tekenje minsken fan de bank en fan it park in trijejierrich kontrakt dêr't se de gearwurking yn fêstlizze.