Grinzer kuorballers rinne yn twadde helte oer Friezen hinne

Kuorballers fan SCO © PEEM Media
De kuorballers fan SCO Aldeholtpea ha de kompetysjewedstriid yn de Haadklasse A op eigen fjild ferlern fan Nic.
De earste helte einige ûnbesljochte. Beide ploegen gongen mei in rêststân fan 13-13 de klaaikeamers yn. Yn de twadde helte wie it Grinzer Nic oppermachtich. SCO koe noch wol in pear punten skoare, mar ferlear mei 29-19.