Toeristyske sektor hat goede fakânsje draaid

Toeristyske bedriuwen sjogge foldien werom op de ôfrûne twa fakânsjewiken. Oer it gehiel sjoen hiene se it drokker as ferline jier.
Op It Amelân kamen sa'n twatûzen toeristen mear as foarich jier. Ek bleaune de gasten langer en bestegen se mear jild. Sa hiene de Dútsers om 1 maaie hinne in lang wykein frij en guon namen noch ekstra fakânsjedagen op. Ek makken mear Nederlanners de oerstek nei it eilân. Neffens direkteur Cinto Prosperi fan VVV Amelân kinne je dêr goed oan fernimme dat it ekonomysk better giet.
Campings
Op de campings yn de provinsje soarge it kâlde waar defoar dat minsken keazen foar lúkse en dus de tinte thús lieten. Op camping De Wâldsang yn Bakkefean wiene de ferwaarme tinten en bygelyks sjalets foar it grutste part beset. Dat byld wie der ek op oare campings yn de provinsje.
Boatsjeferhier
Mei it boatsjeferhier op camping de Kuilaart yn Koudum gie it ek boppe ferwachting. Nettsjinsteande de lege temperatueren fan de ôfrûne wiken woene in soad minsken graach eefkes te farren.