It Amelân wol duorsume takomstfisy

It MadNes Festival © Symen Verbruggen
De gemeente It Amelân praat no tongersdei mei ynwenners en ûndernimmers oer de ekonomyske takomst fan it eilân. It is de bedoeling dat der in takomstfisy opsteld wurdt, wêryn't duorsumens sintraal stiet. Dan giet it benammen om de fraach hoe't de toeristyske sektor duorsum stimulearre wurde kin. Der wurdt ek sjoen nei de agraryske sektor op It Amelân.
Neffens de gemeente is de ekonomy fan it eilân kwetsber, omdat dy bot bûn is oan it simmerseizoen. De gemeente wol dêrom ek ûndersykje hoe't der kânsen kreëarre wurde kinne foar jongeren, troch de eilânekonomy te ferbreedzjen.