Marsumers kinne meiprate oer nije ynrochtingsplannen doarp

07 maaie 2017 - 09:58

Ynwenners fan Marsum kinne fan moandei ôf meiprate oer de ynrjochtingsplannen foar in rekreative râne om it doarp hinne. De plannen binne yn oerlis mei Doarpsbelang ta stân kaam, en komme op it eardere trasee fan de N383. De nije ynrjochting moat it doarp en it lânskip better mei mekoar ferbine.

Fierder wurdt de yn 2015 oanleine wetterpartij útwreide en komme dêr oanlissteigers. De oansluting mei it fytspaad oer de Hegedyk wurdt ferbettere en de dyk by it Poptaslot ek. Belanghawwers hawwe twa wiken de tiid om in reaksje yn te stjoeren.

Trefwurden: 
Marsum rekreaasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)