"No even gûle, en oaremoarn binne we grutsk"

De teloarstelling oerhearsket by de follybalfroulju fan VC Snits, nei it ferlies fan de finalewedstriid tsjin Sliedrecht Sport, mar oan it begjin fan it seizoen hie net ien tocht dat se sa fier komme soenen. Dat sei follybalster Monique Volkers flak nei ôfrin fan de wedstriid.
"Ik denk dat we nu een traantje laten, en overmorgen of zo, als de emoties wat kalmer zijn, dan zijn we gewoon trots dat we de finale mochten spelen."

Jong team

VC Snits waard foarich jier kampioen, mar in grut part fan de seleksje gong fuort, en in tige jong team bleaun oer. Dochs is Snits der yn slagge om de beker te winnen, en twadde te wurden yn de striid om it lânskampioenskip.
"Aan het begin van het seizoen hoopten we dat we de play-offs zouden halen. En nu zijn we tweede van Nederland. Dat had aan het begin van het seizoen niemand verwacht. Daar mogen we trots op zijn."

Sliedrecht skoarde better

Snits koe de froulju fan Sliedrecht net goed genôch ûnder druk sette, seit Volkers, dêrom gong de wedstriid ferlern. "Ik vond wel dat we heel goed begonnen, de eerste set. Het gevoel was er wel. Wij maken onze punten wel. Alleen zij scoren net wat makkelijker."
"Zij zijn goed. Dat ziet iedereen. Ze hebben goeie speelsters. Maar wij kunnen ook meer dan dit. Dat hebben we in de beker laten zien. Jammer dat dat er aan het eind van het seizoen niet helemaal uit komt."

Dûbele nekhernia

Foar assistint-coach Bert Brands wie it de earste kear dit seizoen dat er as haadtrainer oan it fjild stie. Petra Groenland wie der net by.
Groenland lei thús mei in dûbele nekhernia op de bank, mar hie wol telefoanysk kontakt mei Brands, bygelyks oer de fraach wannear't er in time-out oanfreegje moast, of in dûbele wiksel ynsette.

Ferlieze en fierderspyle

Snits ferlear de finale yn twa sets. Mar dêrnei moast de wedstryd noch wol ôfmakke wurde. It waard úteinlik 3-1 foar Sliedrecht. Dat wie net maklik, seit Brands. It kampioenskap is dan al ferlern. "Wat doe je dan? Ga je dan volle bak? Of laat je het lopen?
We dachten eerst: 'we gaan gewoon volle bak door.' Maar halverwege de derde set denk je: 'waarvoor ook eigenlijk?' Dan wil je het laten lopen, maar uiteindelijk win je die set alsnog. Maar toen was het wel op. Toen was het klaar. En dan is het seizoen voorbij."

"Dat is toch gek?"

Monique Volkers fynt it nuver dat it kampioenskip healwei de wedstriid al beslikke is. "Dat is toch gek? Ik hoop dat er iemand van de bond kijkt. Je moet gewoon de wedstrijd winnen of verliezen.
"Ook voor Sliedrecht is het niet leuk. Die willen toch hun feestje fieren. En met een beetje pech wordt het ook nog een vijfsetter..."