Hokker klassike muzyk rekket dy? Stim op dyn favoryt

Oranjewoud Festival © Omrop Fryslân
It Nederlands Blazers Ensemble hat, spesjaal foar Omrop Fryslân, in klassike top 25 gearstald fan muzyk dêr’t Friezen fan hâlde. Stim op dyn favoryt en bepaal mei wat it Nederlands Blazers Ensemble spilet op it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival.
Live fan it Oranjewoud Festival ôf
Omrop Fryslân docht fan 1 oant en mei 5 juny live bydragen fan it Oranjewoud Festival ôf, it klassike muzykfestival fan Fryslân. Mei livestreams fan it iepeningskonsert, de proeftuinclassics en it slotkonsert, kinne leafhawwers fia de webside en app fan Omrop Fryslân meigenietsje.
Stimme
Op 6 maaie waard yn it radioprogramma Op & Ut fan Omrop Fryslân it startsinjaal jûn foar it stimmen op minsken harren favorite klassike nûmer út in list fan 25 útsochte stikken. Under it slotkonsert fan it Oranjewoud Festival wurdt de nûmer ien út dy list live spile troch it Nederlands Blazers Ensemble.