Cambuur ferliest mei 2-1 fan Ajax, play-offs tsjin MVV

SC Cambuur hat de lêste kompetysjewedstriid tsjin Jong Ajax mei 2-1 ferlern. Dêrmei bliuwe de Ljouwerters hingjen op it tredde plak yn de Jupiler League.
Jong Ajax wurdt twadde. Dy ploech wie freed yn eigen hûs te sterk foar de Ljouwerters. Al foar it begjin fan de twadde helte seagen se tsjin in 2-0 efterstân oan. Dêr koenen se lang net mear fan weromkomme, al skoarde Erik Bakker yn de slotminuten út in penalty de 2-1.
It tredde plak betsjut dat Cambuur yn de neikompetysje oantrede moat tsjin MVV Maastricht. Tagong ta de earedifyzje is noch te heljen.