Plysje East-Fryslân warskôget foar stellerij oanhingweinen

Plysje © ANP
De plysje yn East-Fryslân warskôget eigeners fan oanhingweinen om dy goed op slot te setten. De ôfrûne wiken binne der acht oanhingweinen stellen yn ûnder oare Lippenhuzen, Wynjewâld, De Gordyk, Nij Beets en Beetstersweach. Ek yn de Stellingwerven binne mear meldingen as oars. De plysje tinkt dat der mooglik noch mear oanhingweinen stellen binne, mar dat net elkenien oanjefte dien hat. De plysje ropt op om dat foaral wol te dwaan.