FIDEO: Oarlochsbern fan doe en no meitsje teäterfoarstelling

04 maaie 2017 - 15:21

Wat bart der as je oarlochsbern fan doe, út de Twadde Wrâldoarloch, mei de flechtlingen fan no in foarstelling meitsje litte? Want ek al is der ferskil yn kultuer, religy en leeftiid, de oerienkomsten binne miskien wol folle grutter. Under de repetysjes fan de foarstelling Oorlogskind is der in hechte bân ûntstien tusken de spilers. De foarstelling giet tongersdeitejûn yn premjêre yn teäter De Bres yn Ljouwert en wurdt freed op it befrijingsfestival yn in oanpaste foarm spile. Omrop Fryslân seach by ien fan de lêste repetysjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)