''Ferbreedzjen slûs kin sûnder gefolgen foar natuer''

De slûzen by Koarnwertersân © De Vries Media
It ferbreedzjen fan de slûs by Koarnwertersân, en it ferdjipjen fan de fargeulen yn de Iselmar, moat kinne sûnder dat de beskerme wetterfûgels yn dat gebiet der lêst fan hawwe. Dat blykt út de miljeu-effektrapportaazje oer it projekt. De oannimmer moat wol rekken hâlde mei de fûgels troch bygelyks gjin damwanden te heien, en ljochten allinne te brûken dêr't se beslist nedich binne.
It úteinlike doel is om de Iselmar better berikber te meitsjen foar grutte skippen, lykas lúkse jachten en frachtskippen. De gemeenteried fan Súdwest-Fryslân moat der noch in beslút oer nimme.