Hearrenfean wol grutte sinneparken by klaverblêd

De gemeente Hearrenfean wol by it klaverblêd twa grutte sinneparken oanlizze. By Klaverblêd Súdeast is dêrfoar fjouwer hektare grûn beskikber, tusken de ynfoechstrook A32-A7 en de Mercurius by it IBF.
Klaverblêd Noardeast hat neffens de gemeente ferskate mooglikheden. De gemeente en de provinsje sille mei omwenners, bedriuwen, miljeu-organisaasjes, ûntwikkelers en enerzjyspesjalisten om tafel om te oerlizzen oer de krekte mooglikheden.
Nei twa byienkomsten moat dudlik wêze as ien of mear sinneparken helber en winsklik binne en ûnder hokker betingsten.