Man oppakt foar mishanneling en oertrêdzjen fan húsferbod
De plysje hat tongersdei in man fan 32 jier út Ljouwert oanhâlden. Dat barde yn de Bonairestrjitte yn syn wenplak. Hy waard socht foar mishanneling en it oertreden fan in húsferbod dat er earder oplein krigen hie.
De man sit fêst foar fierder ûndersyk.