"In boargemaster is gjin waskmasine dy't jo ruilje kinne"

Drok hat it net west op de earste jûn dêr't ynwenners ynsprekke koene oer it profyl fan de nije boargemasters fan Dantumadiel. Mar dat wie ek net echt de ferwachting fan de fertrouwenskommisje dy't oer dat profyl giet.
De fertsjintwurdigers fan de gemeenteried jouwe op twa gearkomsten ynwenners de romte om te fertellen oan hokker easken dy nije boargemaster foldwaan moat. De earste dêrfan wie woansdeitejûn yn Feanwâlden.
Gjin waskmasine
Ien fan de besikers joech oan dat it wol in persoan mei ûnderfining wêze moast, want dan kinne jo toetse op wa't jo oanhelje. want "it is gjin waskmasine dy't jo sa wer ynruilje kinne." Opfallend is ek dat meardere minsken immen hawwe wol dy't liket op waarnimmend boargemaster Sicko Heldoorn.