Warskôging foar blau-alch Tsjûkemar by Reahel

It yn read oanjûne gebiet sit blau-alch yn
De gemeente De Fryske Marren warskôget foar blau-alch yn 'e Tsjûkemar. It giet om de swimlokaasje by Reahel. As minsken yn oanrekking komme mei blau-alch kinne se lêst krije fan yrritaasjes oan de eagen of de hûd. Oare klachten binne bygelyks pineholle en pyntliif.
As swimmers yn oanrekking kaam binne mei blau-alch moatte se harren goed ôfspiele ûnder in dûs, sa warskôgje de ynstânsjes.