Grutste keunstwurk Claudy Jongstra yn Amearika

Keunstner Claudy Jongstra út Spannum ynstallearret woansdei har grutste keunstwurk oait yn de bibleteek fan Philadelphia, yn Amearika. It wurk hjit 'Fields of Transformation' en it komt te hingjen yn de 'Moelis Family Grand Reading Room' in Penn Libraries, in nije stúdzjeseal mei as doel mear stilte te kreëarjen foar lêzers en studinten. It keunstwurk 'Fields of Transformation' bestiet út trije enoarme wandkleden; it grutste is hast 6 by 15 meter.
It is makke fan filte wol en puere side. Dêrom wurket it akoestysk tige goed om stilte te bieden foar konsintraasje, lêze en studearje. De seal en it keunstwurk is in gearwurking tusken Claudy Jongstra en it arsjitekteburo Gensler. Dit buro hat Jongstra frege neidat se filten keunstwurken makke hie foar oare gebouwen yn Philadelphia, 'Light Court' en it restaurant fan de Barnes Foundation.
It keunstwurk is makke fan wol fan it Drintsk heideskiep, mei indigoblau, wite side en it goud fan de kamilleplant. De pigminten komme út planten dy't Jongstra sels ferbout yn har botanyske tún. Neffens de omskriuwing fan keunstner Claudy Jongstra: "....definieert het kunstwerk de ruimte en verwelkomt de gebruiker die kennis in inzicht en eeuwige wijsheid wil omzetten door deze transformatie vanuit het hoofd naar het hart te visualiseren."