Gefaar mei plofkreak te grut, bank helle jildautomaat fuort

De Rabobank fan Snits hat de jildautomaat oan it Boschplein fuorthelle. De bank hat dat dien, omdat se fine dat de gefaren foar de omjouwing by in eventuele plofkraak te grut binne. De jildautomaat siet nammentlik flakby wenningen.
De bank hat sels in risiko-ynventarisaasje makke. Dêr waard út dúdlik dat de jildautomaat tefolle risiko's jout. Sa't it no liket is dit iennige automaat dy't om dizze reden ferdwynt.